Privacyferklearring

Persoansgegevens dy’t ferwurke wurde

It Keninklik Frysk Genoatskip kin persoansgegevens oer jo ferwurkje, om’t jo lid binne en/of abonnee fan Histoarysk Tydskrift Fryslân en/of om’t jo dy sels fia de webside oan ús jouwe. It Keninklik Frysk Genoatskip kin de folgjende persoansgegevens ferwurkje:
- Jo foar- en achternamme
- Jo adres
- Jo telefoannûmer
- Jo e-mailadres
- Jo bankrekkennûmer

Wêrom hat it Keninklik Frysk Genoatskip gegevens nedich

It Keninklik Frysk Genoatskip ferwurket jo persoansgegevens om telefoanysk kontakt mei jo opnimme te kinnen as jo dêr om freegje, en/of om jo fia e-mail benaderje te kinnen, mochten jo telefoanysk net te berikken wêze.

Hoe lang bewarret it Keninklik Frysk Genoatskip gegevens

It Keninklik Frysk Genoatskip bewarret jo persoansgegevens net langer as strikt nedich is om de doelen te realisearjen, dêr’t jo gegevens foar sammele wurde. Jo gegevens wurde net langer as in jier bewarre as der gjin oerienkomst mei jo ta stân komt.

Diele mei oaren

It Keninklik Frysk Genoatskip jout jo persoansgegevens inkeld oan tredden as dat nedich is foar de útfiering fan in oerienkomst mei jo, of om te foldwaan oan in wetlike ferplichting.

Yn kaart bringe websidebesite

Op de webside fan it Keninklik Frysk Genoatskip wurde algemiene besitegegevens byhâlden.

Gegevens ynsjen, oanpasse of fuorthelje

Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te korrizjearjen of fuort te heljen. Jo kinne in fersyk om ynsjen, korreksje of fuortheljen stjoere nei it sekretariaat fan it Keninklik Frysk Genoatskip en de skriuwer sil sa gau mooglik, mar binnen fjouwer wiken, op jo fersyk reagearje.

Befeiligje

It Keninklik Frysk Genoatskip nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, ûnbefoege tagong, net winske iepenbiering en ferbeane wiziging tsjin te gean. De webside fan it Keninklik Frysk Genoatskip makket gebrûk fan in betrouber SSL Sertifikaat om te boargjen dat jo persoansgegevens net yn ferkearde hannen falle. As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne of dat der oanwizingen binne fan misbrûk, of as jo mear ynformaasje wolle oer de befeiliging fan de sammele persoansgegevens, nim dan kontakt op mei it Keninklik Frysk Genoatskip fia This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.