Maart 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De maartedysje fan Fryslân giet oer wetteroerlêst. Dat is in "ivich" aktueel tema yn Fryslân. Gean mar nei: it langste stik bûtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofslútdyk (eins 'Ofslútdaam') sâlt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in ûnhandich reliëf. Der is wat ôfbodde om it wettermeunster te betwingen. En noch altyd hâldt it tema 'It wetter komt' dy Friezen dwaande.

Lês mear...

Jannewaris 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Dit nûmer fan Fryslân hat in tema dat hjoed-de-dei in soad minsken oansprekt: drank, en dan benammen misbrûk dêrfan. De artikelen binne histoarysk, net allinne omdat Fryslân in histoarysk blêd is, mar ek troch it folslein oare karakter fan it drankprobleem yn benammen de 19de iuw, ferlike mei no.

Lês mear...

Novimber 2010
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Us foarâlden wienen lang net sa deeglik as wy tinke. Spil- en spekulaasjesucht wienen ûndeugden dy't ûnder de gegoede Nederlanners rom ferspraat wienen. De Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, in ideële ynstelling, begûn yn de 19de iuw mei it propagearjen fan it sparjen en rjochte dêrfoar sparbanken op. Neffens har oertsjûging soe sunich wêze de arbeidersbefolking selsbewust en ûnôfhinklik meitsje. Dat slagge goed: yn oardel iuw waarden de Nederlanners in hiel sunich folkje.

Lês mear...