Jannewaris 2013
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Tsjoenders en duvelbanners binne mystike beroppen út in fersonken ferline, mar se binne nch hieltyd ûnder ús! Se neame har allinne oars. De lichtleauwichheid fan in soad minsken, yn kombinaasje mei soms wanhoop oer lichaamlike krupsjes, is ommers fan alle tiden. Binne de tsjoenders (Yomanda, dr. Vogel) hjoed-de-dei yn minder grutte oantallen, har groep oanhingers is wol folle grutter. Oant in iuw lyn hie elk doarp, hielendal yn Fryslân, wol syn eigen wûnderdokter. Klaas Henstra jout in tal moaie foarbylden en ferklearret ek de oarsaken fan har sukses. Benammen de 'wûnderdokterjende' meniste dûmny/boeren Wartena falle op. Folkskundige Willem de Blécourt hat in soad ûndersyk nei it ferskynsel dien en skriuwt oer wat de kranten der yn de perioade 1860-1910 oer melden. Hy fertelt ek watfoar befolkingsgroepen der iepen foar stienen.
Kerst Huisman hat Laurens ten Cate lang fan tichteby meimakke en beskriuwt bysûnderheden fan syn bytiden spjalte persoanlikheid. En dan is der noch it lytse Kromwâl, foar tal fan minsken yn de 16de en 17de iuw it sintrum fan de wrâld. Hjir spylje menisten oars ek in opfallende rol, sa skriuwt Hans Koppen.

Lês mear...

Novimber 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Nederlân is in seefarrend lân, al iuwen en iuwen lang. Fryslân is dat, as kustprovinsje by útstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend lân witte we eins noch net folle fan ús maritime skiednis. Sa fertoant de kennis fan de ekonomyske betsjutting fan de seehannel op it Baltikum -dat de grûn lei foar ús wolfeart- noch in soad gatten. Troch it hurde wurkjen fan de klerken fan de Deenske kening komt dêr stadichoan ferbettering yn. Fan 1497 oant 1857 hâlden se ta geunste fan de tolheffing foar de kening yn de Sont presys by wat foarbykaam, sa'n 1.800.000 skipsbewegingen. Leafst 700 tsjokke, hânskreaune bannen melde skippers, har wenplak, lading, skipstype, komôf, bestimming. Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins binne no hast trije jier dwaande dizze grutte berch gegevens te digitalisearjen (sjoch www.soundtoll.nl) sadat wittenskippers en sneupers statistyske analyzes útfiere kinne en dêrmei nije ferbannen lizze.

Lês mear...

Septimber 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Nei bûten!
It is net lestich te rieden wêrtroch't dit 'Jaar van de historische buitenplaats' sa suksesfol is. Stiet it bouwurk der noch, dan is dat trochstrings moai om te sjen en prikelet de nijsgjirrichheid trochdat it faak net te besjen is. Is it ferdwûn, dan libbet de mysterieuze skiednis troch, net selden mei dramatyske foarfallen, mei it ferfal en de net te kearen sloop as spektakulêr ein. De ferhalen oer de bewenners (elke famylje ken bizarre figueren en swarte skiep) dogge de rest.
Yn Fryslân dogge we net te lestich oer de definysje. Suvere bûtens (boargerlike lânhuzen) binne der net folle, dus telle we ek adellike stinzen (Schierstins) en dito states (Crackstate) mei. Sa komme we op in moai oantal fan fyftich.

Lês mear...

Maaie 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Ofrûne Peaske fierde popfestival Aaipop yn Nijlân it 25-jierrich jubileum. It fanâlds wat steatlike Tresoar wijde der in lytse tentoanstelling oan, dêr't dúdlik mei waard dat popmuzyk yn Fryslân tsjintwurdich serieus nommen wurde moat. Bysûnder oan Aaipop is ek dat dit suksesferhaal stuollet op inkeld Frysktalige popmuzyk; dat stiet sels yn de kontrakten. De Fryske popmuzyk is skatplichtich oan folkmuzyk, wêrby't Nanne Kalma neamd wurde moat. Yn de jierren tachtich kamen bands as Reboelje, Weekend at Waikiki en Kobus gaat naar Appelscha. Se hearden by de saneamde Friese Bries, dy't sels yn Hilversum triomfen fierde. Wim T. Schippers wie in fan en draaide har muzyk op Hilversum 3, sa't de popstjoerder doe noch hiet.

 

Lês mear...

Maart 2012
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It kreambêd hat iuwenlang in boarne fan grutte bliidskip en bot fertriet west. Tal nij libben stoar wer gau, in frou oan it befallen wie yn grutte ûnwissichheid oft se de befalling oerlibje soe. De risiko's wienen grut, de kennis fan komplikaasjes lyts. Oant fier yn de 19de iuw wie it mei de hygiëne by berten striemin steld en dienen froedmasters en froedfroulju soms mear ferkeard as goed. Der binne húshâldingen dêr't oant fjouwer kear ta in 'Tryntsje' of 'Douwe' berne waarden.
Yn dit maartnûmer fan Fryslân in tal boeiende artikelen oer befalle en (soms noait mear) oereinkomme, oer metoaden hoe't froulju fan in bern befoelen (sittend, steand, yn wetter, lizzend, yn de hoksen), watfoar gefaren drigen, watfoar soms aaklike techniken brûkt waarden by de letterlik te nimmen "ferlossing" en wat de rol fan de omstanners wie. Sintraal stiet de frou, yn in libbensfaze dy't frjemd genôch lang troch manlju dominearre is.

Lês mear...