(20ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Deistige saken wurde gau sleur: we steane der te min by stil, meitsje der bygelyks noait foto’s fan, en beskriuwe se likemin. Histoarysk ûndersyk wurdt der lokkigernôch hieltyd mear nei dien want ‘Alledaagse geschiedenis’ is populêr. Yn dizze Fryslân giet it om wat allegear op tafel kaam yn Fryske húshâldingen, benammen op de enoarme feroaringen yn it lêste kwart fan de 18de iuw en de earste helte fan de 19de iuw.

Lês mear...

(20ste jiergong, nr.4, july/augustus 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Jacob van Lennep, dochs wol wat wend, kaam hast wurden tekoart om yn 1823 de pracht te beskriuwen dy't foar syn fuotten lei doe't er ûnder Riis oan de râne fan de Sudersee stie: 'Maar hemel! Als ’t heuvelpad en ’t dennenwoud verdwijnen, maakt ons een betoverend toneel zeer opgetogen. Wat zien we aan onze voet en over ’t koren verschijnen? (..) ’t Zijn, schone Zuiderzee, uw witbeschuimde wateren, die, schromend leed te doen aan zo een oord, de kusten groeten, en met zacht en vreedzaam klateren op ’t zandgruis breken dat zij voeren aan hun boord.’

 

Lês mear...

(20ste jierong, nr.3, maaie/juny 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It is in mearke dat Marijke Muoi as earste yn Fryslân ierappels iet, yn 1742. Wol wie dat in tûke reklameset: as ien fan foarstlik bloed dizze nuvere knol iet, moast se wol feilich wêze. Yn werklikheid waarden ierappels al desennia foar Marijke Muoi iten; it wie relatyf goedkeap folksiten, dat net folle easken oan grûn en klimaat stelde. Sûnt ûndergie dizze teelt in soad hichte- en djiptepunten oant se him benammen yn de Fryske klaaistreek ûntwikkele ta in ekonomyske faktor fan formaat.

Lês mear...

 

(20ste jiergong, nr.2, maart/april 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Fryslân hâldt fan toaniel: hast elk doarp hat syn eigen selskip, fan Achlum oant Ysbrechtum. Jobbegea telt sels fjouwer. De measte spylje yn it Frysk. Mar leafst 138 selskippen binne oansletten by de Stichting Amateurtoaniel Fryslân dy't opliedingen biedt en wedstriden hâldt om de kwaliteit te ferbetterjen. Dy Frysktalige toanielkultuer begûn om 1860 hinne doe't yn Koarnjum de earste toanielferiening oprjochte waard. Al aktyf sûnt de ein fan de 19de iuw binne de selskippen Halbertsma út Wergea, Tesselschade út Hurdegaryp en Rjucht en Sljucht fan De Tynje. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurdt de kym lein foar in profesjoneel teaterselskip en yn 1965 ûntstiet de foarrinner fan Tryater, it âldste beropstoanielselskip yn Nederlân. Takom jier fiert Tryater it gouden jubileum.

Lês mear...

(20ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Yn Europa is in enoarme stream betinkingen oan de Earste Wrâldoarloch op gong kommen. Yn Nederlân, en hielendal by ús yn Fryslân, is dat in stik minder. De 'Grutte Oarloch' is hjir yn it ferjitboek rekke. Slimmer noch: de measte Friezen witte inkeld de namme fan Mata Hari te neamen as it om '1914-1918' giet. Mefrou Margaretha Zelle hat yn Parys lykwols net it minste idee hân fan wat him yn har berteprovinsje ôfspile. De belangrykste Fries út dy perioade is de Ljouwerter Folkert Posthuma, yn hast de hiele oarloch minister fan Landbouw, Handel en Nijverheid. 

Lês mear...