cover

(22ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Byldbepalend ûnderdiel yn it Fryske lânskip is de boerepleats, sûnt lange tiid it stoere beaken fan sosjale, ekonomyske mar ek lânskiplike gearhing. Mar de pleatsen meitsje yn rap tempo plak foar boerderettes en smelle feeloadsen. Mei dat sloopwurk ferdwynt in part fan ús identiteit, mar ek in boarne fan kennis foar de skiednis fan de Fryske pleats. We tinke dat we der al safolle fan witte, mar it ûndersyk is de lêste desennia net bot opsketten. Lokkigernôch is der no in entûsjaste leafhawwer dy’t him mei grutte kennis fan saken op de matearje stoart en der graach oer fertelt: Paul Borghaerts út Easterein. In wiidweidich ferslach yn dizze edysje.

 

Lês mear...

Fryslan ma apr cover

(22ste jiergong, nr.2, maart/april 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Goed santich jier nei de Twadde Wrâldoarloch is der noch altyd belangstelling foar. Nije oarlochsmusea (der is in Holocaustmuseum yn Amsterdam yn oprjochting), in net te stopjen stream boeken en ek ûndersyk nei de fleantugen dêr't in soad fan delstoart binne: inisjativen yn oerfloed om de oantinkens libben te hâlden.

Lês mear...

(22ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne? Hoe navigearren se lâns gefaarlike ûndjiptes en ferriederlike kusten? Wêr kaam de bemanning wei? Wa finansierre dizze ûndernimmingen? Watfoar lading hellen se op en wêr gie dy hinne? Wat wie de relaasje mei de fêste wâl?

Lês mear...

(21ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Der giet net in dei foarby of der stiet wol in archeologyske fynst yn de krante. Wat dêrby opfalt, is dat se almar spektakulêrder lykje te wurden: gefolch fan de ek yn dy kant fan wittenskip trochgeande publikaasje-'rat race'?
Tanimmende argewaasje or dryste konklúzjes op grûn fan meager bewiis yn de Fryske archeology bringt Kerst Huisman derta in pear opfallende foarbylden kritysk tsjin it ljocht te hâlden.

Lês mear...

21ste jiergong, nr 5, septimber/oktober 2015
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Tusken april en augustus 1915 luts de Dútske besetter fan België in 350 kilometer lang triedstek, ûnder 2.000 Volt spanning, lâns de grins mei Nederlân. Dizze 'Doodendraad' sit net mear yn ús ûnthâld. 'Den draad' hat lykwols ek Fryske libbens koste; dêroer yn dizze Fryslân in ferslach fan Kees Bangma.
Gjin momint fan ferfeling yn it libben fan Rintsje Sybesma. Dizze feedokter spile in promininte rol yn de Fryske beweging. Doeke Sijens beskriuwt him as in romantikus, in yntellektueel waans Fryske passy syn politike kompas yn de oarloch yn disoarder brocht.
Adam Westerman stie begjin 17de iuw op de kânsel yn Warkum. Hy skreau (Groote) Christelycke Zee-vaert, ien fan de meast lêzen Fryske publikaasjes út de 17de iuw. Oer him giet it artikel fan syn fiere opfolger as dûmny, Jan Dirk Wassenaar. En Aly van der Mark oer it sneue ein fan de universiteitshortus Frjentsjer.