Fryslan ma apr 2020 cover 288x350(26ste jiergong, nr.2, maart/april 2020) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Hoe grouwélich de ein fan de Twadde Wrâldoarloch Nederlân trof, Fryslân kaam der  betreklik ûnskeind fan ôf. Dochs wie ek hjir de blydskip grut doe’t de alliearde troepen yn april 1945 triomfantlik troch de provinsje lutsen. Op strjitte waard feeste, flagge, dûnse, dronken, de stoere alliearde soldaten om de hals flein. Mar der wiene bittere kearsiden dy’t soms noch desennia trochswollen. 

Nim de soarch foar de neibesteanden fan slachtoffers, dêr’t de twa Fryske Stichtingen 1940-1945 har ferantwurdlik foar fielden. Of de tûzenen en tûzenen ferdreaune persoanen, dy’t faak bleatfoets nei it heitelân weromkamen en in net al te hertlik wolkom krigen. Rjochte de help him lang op de fysike en finansjele gefolgen, mei de tiid kaam it besef fan de djippe psychyske wûnen. Dy liken allinne mar slimmer te wurden. It geweld wie te’n ein, mar de oarloch noch lang net.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.