cov Fryslan jan feb 2020-1 cover288x350(26ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2020) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Ein 19de, begjin 20ste iuw groeide de yndustry yn it Ruhrgebiet ta grutte omfang. Dat luts in soad wurkfolk, ek fan it eigen plattelân, wêrtroch’t dêr tekoart oan arbeiders ûntstie. Yn dat gat sprongen foaral Friezen. Sy gienen as melkers, neffens de Dútsers om’t se dêr de bêsten yn wienen. Motivaasje fan de Friezen wienen de flinke fertsjinsten: ƒ 500 à f 600 twa kear safolle as thús. Ank Engel har pake wurke dêr yn de yndustry en sy die dêr ûndersyk nei. 

De ‘zielenheilsmarkt’ wie in profytlike hannel fan de katolike tsjerke yn gebeden foar de himelske sillichheid fan ferstoarnen yn de lettere Midsiuwen. Kees Kuiken ûndersocht hoe’t dat yn Fryslân siet. De wûnderlike libbensrin fan de tûke, mar wrâldfrjemde dûmnysdochter Frederike Rutgers wurdt troch Doeke Sijens út de doeken dien. Ek 19de-iuwsk is it ferhaal fan it ‘mislearre wûnderbern’ Gerhard Fockens. Goffe Jensma beljochtet syn frisisme.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.