Fryslan nov dec 2019 cover 288x350(25ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2019) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Yn it lêste fearnsjier fan de 19de iuw libben tsientûzenen Nederlaners yn útsichtleaze earmoede. Gjin wurk, gjin jild, gjin iten. Minne húsfêsting, oan bernemûlen faak gjin gebrek. Tryste útsichteazens is it lot fan de leechste klassen. En dan ferskynt dêr Ferdinand Domela Nieuwenhuis, mei in heilsboadskip. Hy wit hoe’t er minsken yn har siel reitsje moat. Hy rekket almar mear yn de besnijing fan it lot fan de kânsleazen en fan it sosjalisme om dêroan te ûntkommen.

Foaral yn Fryslân wurdt ‘Domela’ oanbean; hy ferkeapet gjin healbakken praatsjes. Mei grutte iver striidt er tsjin ‘kroech, kening, kapitaal, kazerne en tsjerke’ en ferset in soad wurk as redakteur. Mar yn syn taspraken is er wier yn syn elemint en de minsken adorearje him. Desennia nei syn dea is syn wurk fergetten rekke. Hoewol? It is ferrassend hoefolle oandacht dizze moanne syn hûndertste stjerdei lûkt, krekt yn Fryslân. 

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.