Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

VM01472 01 400x250Wylst de alliearde troepen noch troch Fryslân lutsen, waard de Vereniging Friesland 1940-1945 oprjochte. Doel wie de soarch foar de neibesteanden fan oarlochsslachtoffers, mear spesifyk fan fersetsminsken. Yn meardere opsichten wie de Fryske sitewaasje hjiryn unyk. Sa binne der oant hjoed-de-dei twa Fryske Stichtingen.

Dit is in artikel út nûmer 2. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.

90551 400x250Yn de moannen nei de befrijing komme tsientûzenen ferdreaune twangarbeiders, faak nei moannen-, soms jierrenlang lijen, nei hûs. Mar yn plak fan in waarm wolkom troch famylje wachtet in desepsje. De fermeagere, ôfmêde en hongerige manlju wurde mei erchtinken besjoen: wat hiene se dêr yn Dútslan wol neat útheefd?

Dit is in artikel út nûmer 2. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.

Gerkesklooster - hervormde kerk - brouwerij klooster Jeruzalem 400x250In soad kleasters meie dan letterlik fan de ierdboaiem ferdwûn wêze, tsientallen topografyske nammen dogge noch tinken oan de iens sa rike Fryske kleasterkultuer. De Olijfberg yn Westlik Kollumerlân, Sinaï tusken Earnewâld en Burgum, en de berch Thabor even noardlik fan Snits: eefkes sykje en fynst allegearre Bibelske nammen yn it hert fan Fryslân.

Dit is in artikel út nûmer 2. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.

krant2 400x250Njonken de bekende Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen fan it Winterjûnenocht wienen der mear dy’t mei har foardrachten winterdeis it folk fermakken en it Frysk ûnder de minsken brochten. Jentsje Sytema wie der ien fan, in lytse boer mei in grut talint foar it skriuwen.

Dit is in artikel út nûmer 2. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.