Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

vikingenslagill 400x250De measte Nederlanners stelle har Noarmannen foar sa’t dy yn 1927 troch J.H. Isings op de skoalplaat ‘De Noormannen bij Dorestad’ tekene binne. Underwilens witte wy dat der in soad net oan doocht. Mar Isings hie him goed dokumintearre en syn plaat jout de stân fan de doetiidske kennis oer de Fikingen wer.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2019.

walfridus 400x250By har rôfoerfallen sloegen de Noarmannen de Fryske kust (Wezer oant Swin) net oer. Dêr foel in soad bút te heljen. Oer de skea oan minsken en materieel witte wy net folle, mar wy ha dochs in seldsum foarbyld út Bedum. Dêr waarden Walfridus en syn soan Radfridus, leauwige kristenen, op grouwélige wize fermoarde. Har grêven groeiden út ta beafeartsplakken mei elk in eigen tsjerke.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2019.

Vikingschip 400x250It sukses fan de Fikingen op see hong gear mei it type skippen dat se houden. Us kennis dêroer komt fan twa net altyd betroubere skriftlike boarnen (skriftlik en ôfbyldingen) en de de wol betroubere archeologyske fynsten. Mar dêr binne mar sa’n bytsje fan fûn dat it dreech is om in jildende omskriuwing te meitsjen fan 'it' Fikingskipstype.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2019.

Harley MS 2278 folio 47v excerpt 400x250Der is gjin inkelde Fryske boarne dy't konkrete ynformaasje jout oer de ynfallen fan de 'Vikingen' (op syn Frysk: Wytsingen) yn de Fryske lannen. Dêr stiet lykwols foaroer dat guon âldere Aldfryske rjochtsteksten ús in sprekkend byld jouwe fan hoe't de Wytsingen yn letter tiid fuortlibben yn it kollektive ûnthâld fan de Friezen.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2019.