Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

KMb-2015-030.0004Klippfisk is in op rotsen drûge fisk, mooglik betocht troch Hylper Jappe Ippes. Nijsgjirrich is de rûte dy’t de metoade yn de 17de iuw trochrûn foardat se yn Noarwegen bedarre: fia de wrâldseeën, dêr’t mei oantoand wurdt hoe’t Nederlanners werklik oeral de kost fertsjinnen. It koste Jappe wol syn houlik: koart nei syn trouwen luts er de wide wrâld yn en seach syn frou noait wer.

Lês mear yn nûmer 1 fan 2019.

4-.Dekema-State
By de restauraasje fan Dekema State (1997-2000) kaam út de krûpromte dekoratyf stúkwurk foar it ljocht. It lei dêr om trochsakjende flierbalken te skoarjen. It binne fragminten fan minsklike figueren, in twatal konsoles en in basement. Undersyk wiisde net inkeld út wat se foarstelden, mar litte se no ek mei stúkwurk út bygelyks De Eese ferlykje.

Lês mear yn nûmer 1 fan 2019.

162Holwert hat net folle namme yn de skiednis fan it sosjalisme yn Fryslân. Dochs wie hjir al yn 1896 in SDAP-ôfdieling, en ek moai wat leden fan de AJC, de Geheel-Onthouders Bond en de Nationale Landarbeidersbond, in grut ferskil mei oare doarpen yn it kristlik-ortodokse Westdongeradiel. Pieter Buwalda (1866-1932) wie ien fan de foaroanmannen.

Lês mear yn nûmer 1 fan 2019.

Ecta 002It segel dat de Grinzer Ommelannen yn 1578 ynfierden, bestiet út de wapens fan de gearstallers mei as hertskyld it âlde wapen fan de Fryske keningen. Blauwe dwersbalken op sulver, beselskippe troch alve herten. It segel waard in soad brûkt, mar beheinde him gau ta it hertskyld, it alvehertewapen. It is op tal fan foarwerpen werom te finen.

Lês mear yn nûmer 1 fan 2019.