Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

0453-null lyts 400x250Jan Timmer wie yn in bysûndere man, in ynnovative boer, in inisjatyfrike bestjoerder en in krêftich organisator. Sa liet er de stoommasines fan it troch him oprjochte molkfabryk yn Kimswert oanslute op in generator, sadat elektrisiteit de krêftboarne waard. Sterker, en foaral feiliger. Ek it doarp sels waard oansletten. Men seach him de eagen út.

Lês mear yn nûmer 3 fan 2019.

06412 400x250Ut in Fryske foarnamme sprekt Fryske identiteit. De fitaliteit fan de Fryske kultuer soe dan ôflêzen wurde kinne út it tal Fryske foarnammen dat jûn wurdt. Om’t wy al dy Fryske foarnammen kenne, kinne wy de ûntwikkeling fan Fryske foarnammen yn tiid en plak sichtber meitsje. Mar wat seit dat oer de takomst fan it Frysk?

Lês mear yn nûmer 3 fan 2019.

204343 400x250
Neidat Simke Kloosterman de ferloving mei in húsdokter út Holwert útmakke, waard oer ferbiningen mei manlju neat mear fernommen. Yn har eagen wie suver net ien foar har geskikt. Net elkenien koe oer har hearsuchtigens. Yn 1910 publisearre Simke har earste boek - Ruth - yn in prachtbân en printe by Hoitsema yn Grins. Underwilens wie sy úteinset mei in roman, mar dêr mocht net ien weet fan ha.

Lês mear yn nûmer 3 fan 2019.

SFA022007795 400x250Healwei de simmer fan 1900 swalke Sytze Dijkstra wer ris oer de Sumarreheide en kaam by it húske fan Van Kampen. It pear wie net thús, dus Sytze koe him it jild eigen meitsje. Doe’t er it hûs yn ’e brân stuts, kamen dêr al gau minsken op ôf. Sytze wie doe fansels al útnaaid. ‘De schrik der buren’ waard er neamd yn de krante. It waard hieltyd slimmer.

Lês mear yn nûmer 3 fan 2019.