Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

1Doe’t it akademyske libben yn de Republyk yn de 17de iuw ta bloei kaam, hie ‘Frjentsjer’ in stevige status, want it wie de op ien nei âldste universiteit fan it lân. En âlderdom betsjutte wat yn dy dagen. Mar wat hâlde dy rang yn? Wie Frjentsjer dêrmei ek de op ien nei belangrykste universiteit fan de Noardlike Nederlannen?

Lês mear yn nûmer 4 fan 2018.

3Latyn wie de mienskiplike taal fan de universiteiten, dus ek dy fan Frjentsjer. Kolleezjes waarden yn it Latyn jûn, alle wichtige boeken wienen yn dy taal. Dêrtroch koenen bygelyks bûtenlânske studinten maklik oanskowe. De deade taal ferbûn de gelearde wrâld. Hoe gie dat yn praktyk en wat feroarsake de ûndergong fan Latyn? 

Lês mear yn nûmer 4 fan 2018.

4Anna Maria van Schurman is de bekendste Nederlânske froulike gelearde yn de 17de iuw. Se bestudearre ferskillende easterske talen, it Latyn koe se troch en troch. Anna Maria har Lân fan Latyn wie lykwols wol in oar lân as dat fan har kollega-humanisten. Dêrby kaam: Anna Maria die noait wat heal.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2018.

2De tekst 'Dit is Hetzer Bouricius' is nei restauraasje wer te lêzen op it portret fan Hector Bouricius (1592-1636). Offisjeel is it in berneportret, mar de skilder hat syn takomst al foar eagen hân: Hetzer sil as soan fan in advokaat oan it Hôf fan Fryslân rjochten studearje. In eksponint fan de ynternasjonale studint. Krekt tweintich jier letter wurdt er advokaat yn Ljouwert. 

Lês mear yn nûmer 4 fan 2018.