Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

pierette websiteIn deserteur is in ferrieder dy’t syn kammeraten yn de steek lit, sa is de folkswiisheid. Dat de werklikheid faak steger is, bewiist it wûnderlike libbensferhaal fan Joseph Laubacher. Hy is Elzasser en dêrtroch by it begjin fan de Earste Wrâldoarloch soldaat yn Dútske tsjinst, ein 1918 is er ynienen Frânsk. Tuskentroch is er hynsteslachter yn Sumar, dêr’t er ek syn leafde fynt.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2017.

14271Sjoerd Pieters Schaaf, timmerman yn Froubuorren, rekke ein 18de iuw fersyld yn de wylde politike omkear syn tiid. Hy wie in idealist dy’t aktyf mei focht foar frijheid, gelykheid en foaral bruorskip. Mar lang om let rekke er alles kwyt wat him dierber wie -frou, wurk, bern, bertedoarp- en kaam iensum oan syn ein.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2017.

SK-A 1063 websiteWillem Bartel van der Kooi wie in braaf en leergierig mantsje út Stynsgea dy’t mei einleas geduld it skilderambacht ûnder de knibbel krige en in favorite portretskilder fan de Fryske elite waard. Dochs koe er ek aktivistysk wêze: hy smiet him letterlik yn de striid om by de fernielingen yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert (1795) keunstskatten te rêden.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2017.

RP-P-OB websiteJaco Muller fan Dokkum wie it skoalfoarbyld fan opgroeie foar galge en rêd, temear omdat likegoed galge as rêd yn syn tiid, begjin 18de iuw, gongbere strafmiddelen wienen. Muller reizge troch stêd en lân mei syn maten, in spoar fan oplichterij achter him littend. Yn Amsterdam rûn er tsjin de lampe.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2017.