Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

Ein 19de iuw is it tapassen fan metalen plafond- en muorreplaten, yn stee fan it tradisjonele stúkwurk, yn Ingelsktalige lannen in fernijing yn de bou: in soarte fan systeemplafond, gau oan te bringen, brânfertraagjend en maklik te ûnderhâlden. It brûken derfan past yn de 19de-iuwske estetyk: imitaasje, of leaver it oertreffen fan ambachtlik wurk, yn dit gefal it stúkwurk. De rike ornamintyk sprekt in begoedige publyk dan ek tige oan.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2017.

ottemaDe namme Nanne Ottema docht foaral tinken oan in wiere samler en pas as yn lettere ynstânsje oan ynterieur. Dat stimpel is net hielendal mei terjochte: Ottema wie yn earste ynstânsje ynteressearre yn Fryske folkskeunst. As bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip wie er in spin yn it web fan erfgoedbehâld, en kocht in soad oan. Dat gie net inkeld om losse objekten, mar ek winkel- , wurkpleats- en keamerynrjochtingen en -betimmeringen dy’t mei sloop bedrige waarden.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2017.

290917JE2744 teaserBehâld troch kennis’ is de missy fan de Stichting Interieurs in Fryslân. It petear mei trije haadrolspilers, projektlieder Mirjam Stuurman, heechlearaar Johan de Haan en Stichtingsfoarsitter Ap Timmermans, makket dúdlik dat it systematyske ûndersyk al in soad weardefol guod boppe tafel brocht. Fan skoarstienbetimmering en finsterbanken oant doarskrukken en houtsnijwurk, achter de gevels is noch in soad weardefol guod te ûntdekken. 

Lês mear yn nûmer 6 fan 2017.

ottemaFryslân liet net folle hiel fan steedhâlderlik erfgoed, mar it treppehûs fan it paleis yn Ljouwert, no in hotel, is in prachtich foarbyld. Brieven fan de ferneamde ûntwerper Daniël Marot oan Johan Willem Friso en syn mem Henriëtte Amalia fertelle de ûntsteansskiednis. Dúdlik wurdt dat Marot in treppehûs makke dat er 'pas la moindre pièce de la maison' neamde: 'net de minste romte fan it hûs'.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2017.