Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

telefonistes 400 250

De Ljouwerter telefoansintrale siet lange tiid yn it postkantoar oan de Wuttelhaven, mar nei ferrin fan tiid woe de gemeente post, telegrafy en telefony ûnder ien tek konsintrearje en it telefoannet modernisearje. Op 13 desimber 1930 wie it sa fier: de automatyske telefoansintrale yn it Post- en Telegraafkantoor oan de Twibaksmerk koe yn gebrûk nommen wurde. Gienen ynterlokale petearen noch fia in telefoniste, it Ljouwerter telefoanferkear wie automatisearre.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2016.

aef goed 400 250Aefje Jacobs, berne yn 1610 yn Dokkum, wie ien fan de talrike frjemdlingen dy’t Amsterdam yn de 17de iuw befolken. Se liet it gers net ûnder de fuotten groeie, en sette mannich haadstedske notabele ûnder druk, mar dochs rûn it net goed mei har ôf. Har skiednis lit sjen dat it Amsterdam fan de Gouden Iuw foar Fryske ymmigranten in ‘wreed paradys’ wêze koe.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2016.

Vaklui 400 250

Yn Fryslân wurkje beropswittenskippers en leafhawwers al hast tachtich jier nau gear op mêden as skiednis en âldheidkunde. Dy gearwurking giet net altyd like maklik. Sa koe dr. Herrius Halbertsma, in ‘erkend’ terpe-archeolooch, it net ha dat de amateur Teake Huitema syn teory oer terpen yn 1958 by de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen ‘útsutelje’ mocht. Halbertsma seach terpen as keunstmjittige flechtheuvels, Huitema as prehistoaryske dongbulten.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2016.

GoudenEeuw 400 250

Emearitus heechlearaar Willem Frijhoff hâlde in moai ferhaal by de presintaasje fan in dito boek oer de Gouden Iuw fan Ljouwert. Goed foar de pleage haadstêd om syn plommen yn ûntfangst te nimmen. Frijhoff priizget net inkeld de wille en de hertferwaarmjende akriby dêr’t de artikelen mei skreaun binne, it binne ek deeglike ferhalen.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2016.