Alde nûmers

Hjirûnder in greep út alde nûmers.  
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

Tjerk Hiddes

Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits hinget sûnt koart in fergetten skilderij mei dêrop it admiraalsskip fan de Fryske seeheld Tjerk Hiddes de Vries. In ‘freon’ fan it museum seach it by tafal op in sjochdei fan in keunstfeiling yn Brussel. In spannend ferhaal oer de lotgefallen fan it doek. En fan it stânbyld fan de held yn Harns.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2016.