Yn Fryslân wurkje beropswittenskippers en leafhawwers al hast tachtich jier nau gear op mêden as skiednis en âldheidkunde. Dy gearwurking giet net altyd like maklik. Sa koe dr. Herrius Halbertsma, in ‘erkend’ terpe-archeolooch, it net ha dat de amateur Teake Huitema syn teory oer terpen yn 1958 by de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen ‘útsutelje’ mocht. Halbertsma seach terpen as keunstmjittige flechtheuvels, Huitema as prehistoaryske dongbulten.