Yn it nijste nûmer

Hjirûnder alfêst in lytse greep út it nijste nûmer. Jo kinne hjir ek it parseberjocht lêze oer it nijste nûmer.
Nijsgjirrich wurden? Besjoch de ferkeapynformaasje.

08 Visserspinken kust Boymans omstr 1655 400x250Yn desimber 1703 rûn in Ingelsk skip fêst op it strân fan it letter ferdwûne West-Flylân. De befolking stoarte him op de rike lading, mei goud, sulver en diamanten. Dit wie gjin bútsykjen mear, dit wie rôvjen. It Hof van Holland ûndersocht de saak, dy’t gie om it besit fan in wichtige Dútske fjildmaarskalk. De ferhoaren fan de swijsume befolking binne no bekend.

Ik wol dit nûmer hawwe

Skilderij pleats400x250Wytse Sikkema, oarspronklik fan it Bouwekleaster, hat yn it ramt fan syn stúdzje lânskipsskiednis ûndersyk dien nei de toponimen fan syn berteplak, Bouwekleaster. Dit Buweklooster of Bomkleaster is yn de 13de iuw stifte troch in Buwe (fan De Harkema). It (fean)gebiet dat derby hearde, wie grut en rûn fan flak ûnder Lytsepost by de Ald Ried yn it noarden oant De Rottefalle yn it suden.

Ik wol dit nûmer hawwe

Beeldbank WO2 - NIOD 78798 400x250Tusken de kloften yn 1945 troch Europa omdwalende minsken wie de 27-jierrige boeresoan Jan Pieter Haisma fan Burgum. Ien fan de hûnderten Friezen dy't entûsjast begûn wie oan it aventoer fan ‘Oostkolonisatie’, mar nei de desepsje ferdwaasd syn libben rêde moast. Wêrom sochten safolle Friezen it aventoer op de Russyske steppen? 

Ik wol dit nûmer hawwe

11-5A 400x250Assien Bohmers is in apart figuer út de archeology. Hy kaam fan Zutphen, mei Dútske foarâlden, mar hy fielde him oant yn it ridikule in Fries. Mooglik woe er dêrmei tsjinoer de Dútske besetter posysjes krije yn de archeologyske wittenskip. Dat slagge, en hy boude in namme op, foaral by de Ahnenerbe, mar sil altyd mei nazi-sympatyen assosjearre wurde.

Ik wol dit nûmer hawwe