Op dit plak fertelle we ferhalen by bysûndere kolleksjestikken.
Geregeld ferskine hjir nije ferhalen.

Riuwpin mei earleppeltsje fan Fedt van Goslinga

De Romeinen hawwe al earleppels: it wrotten mei in hiel lyts leppeltsje yn it ear is by har in gewoan ûnderdiel fan de persoanlike hygiëne. Fikingen, ridders, en ek Nederlanners oant yn de tweintichste iuw brûke earleppels. De kombinaasje mei in nulle komt faak foar. Archeologen fine nulle-earleppels gauris op plakken dêr't ek fingerhuodden fûn wurde: de eardere wurkpleats fan de kleanmakker. Dat is hiel praktysk: mei in inkelde hanneling kin it earfet direkt brûkt wurde om de nulle troch guon stugge stoffen te heljen.

Dizze gouden earleppel hat fansels net fan in kleanmakker west. Fedt van Goslinga is in foarname frou, dy't dit moaie dinkje miskien mei in pinset, hiernulle of in kaai yn in buidelstje oan de gurdle draacht.

Portret fan in ûnbekend bern

Yn in tiid dêr’t de portretkeunst in serieuze saak yn is, is dit portret suver fleurich te neamen. Hiel lang is tocht dat dit bern Ida van Paffenrode foarstelt, de jongste fan twa goed trochfuorre suskes Van Paffenrode, dochters fan Wick van Dekema en Schelte van Paffenrode út Seisbierrum. Mar famkes drage harren gouden keatlings net skean oer it boarst en ek sjocht men op in famkesportret net sa gau in jachthûn. Dat it is dus in jonge. In swierrichheid is dan wol dat heit en mem Van Paffenrode gjin soannen hiene. Wa’t it bern op dit aardige portret dan wol is, is foarearst noch in riedsel.

De keunstner dy’t dit jonkje en Ymck skildere hat, is net de alderbêste portretskilder. It iene each is grutter as it oare en de hûn hat nuvere proporsjes. Harmen Willems Wieringa, fan wa’s namme ferbûn is oan dizze portretten, hat bettere portretten makke. Takomstich ûndersyk moat útwize wa’t de wiere skilder is.

Bernebeker fan Nicolaas Arnoldi Knock

‘Nicolaas Knok 7 april 1760 op syn earste jierdei’ stiet yn dit bekerke gravearre ûnder in famyljewapen. Nicolaas Knock waard yn 1759 berne yn Rotterdam of Ljouwert. Op syn earste jierdei krige er dit bekerke. Soed er der wiis mei west hawwe?

Nicolaas Knock wurdt grytman fan Eaststellingwerf en kommittearde yn de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân. Dat is fansels tige fertsjinstlik, mar de literatuer fermeldt benammen ek dat Nicolaas in talintearre organist is dy’t oargels kart en in konsert dirigearret foar de Frjentsjerter Akademy by dy syn jierdei yn 1785. Friedrich Ludwig Hauck skilderet yn 1772 in útsprutsen fleurich portret fan him.