Op dit plak fertelle we ferhalen by bysûndere kolleksjestikken.
Geregeld ferskine hjir nije ferhalen.

Aquamanile

Aquamaniles binne typysk foar de midsiuwen en hawwe meastentiids de foarm fan fabeldieren of adellike ferskiningen, lykas draken, liuwen, hynders of ridders op it hynder. Se waarden troch rike minsken brûkt om de hannen te waskjen foar en nei it iten (at jo net konsekwint jins iten mei in foarke nei de mûle bringe, dan moatte jo nei it iten ek de hannen waskje...). Prysters brûkten aquamaniles om de hannen te waskjen foar it Hillich Nachtmiel.

Dit aardich iere eksimplaar is sober bewurke en hat de meast foarkommende foarm: de liuw. As kening fan de bisten is de liuw in symboal foar macht en oansjen.

Portret fan Ymck van Paffenrode

Ymck hite eins fan Ammerentia, mar dy namme is yn de rin fan de iuwen yn ûnbrûk rekke. Dêrom hawwe guon ûndersikers Ymck foar in jonge oansjoen. Dat sy wis wol in famke is, kin men sjen oan de waaier, in wier froulik attribút. Har kostúm is ryk fersierd. Op har rok sjogge wy sels tulpen. Dat is nijsgjirrich, want krekt yn 1634, it jier dêr’t de achtjierrige Ymck yn portrettearre waard, wie de populêrens fan de tulp yn opmars yn de Nederlannen, wat einige yn de spekulaasje yn tulpebollen. De tulp dûkt op yn keunst en klean. Mooglik wol de famylje Van Paffenrode mei dizze djoere berneklean sjen litte goed op ’e hichte te wêzen fan de lêste ûntjouwingen yn de moade.

Musketier

Dizze elegante hear liket mei syn mûtele hannen suver wol in lút te bespyljen, mar yn plak dêrfan is er dwaande syn moderne wapenark te laden. Hy is musketier, soldaat mei in musket, de foarrinner fan it gewear. Dat is hurd wurkjen: hy jit earst krûd yn de ‘krûdepanne’ út de krûdsekjes dy’t oan syn gurdle hingje, dan triuwt er it krûd mei de laadstôk oan, dêrnei hâldt er der in baarnende lont by en dan leit de musketier it swiere wapen yn in fourquet (in lange foarke dy’t yn de grûn prikt wurdt) en kin er lang om let sjitte. Hy sleept foarke, krûd en musket hieltyd mei him mei, en jûns moat er syn eigen leaden kûgels jitte mei syn kûgeljittange.

Jacob de Gheyn hat it prachtich tekene, de werklikheid wie sûnder mis minder beskaafd.

 

Portret fan in ûnbekend bern

Yn in tiid dêr’t de portretkeunst in serieuze saak yn is, is dit portret suver fleurich te neamen. Hiel lang is tocht dat dit bern Ida van Paffenrode foarstelt, de jongste fan twa goed trochfuorre suskes Van Paffenrode, dochters fan Wick van Dekema en Schelte van Paffenrode út Seisbierrum. Mar famkes drage harren gouden keatlings net skean oer it boarst en ek sjocht men op in famkesportret net sa gau in jachthûn. Dat it is dus in jonge. In swierrichheid is dan wol dat heit en mem Van Paffenrode gjin soannen hiene. Wa’t it bern op dit aardige portret dan wol is, is foarearst noch in riedsel.

De keunstner dy’t dit jonkje en Ymck skildere hat, is net de alderbêste portretskilder. It iene each is grutter as it oare en de hûn hat nuvere proporsjes. Harmen Willems Wieringa, fan wa’s namme ferbûn is oan dizze portretten, hat bettere portretten makke. Takomstich ûndersyk moat útwize wa’t de wiere skilder is.