Privacyferklearring

Privacyferklearring

Persoansgegevens dy’t ferwurke wurde

It Keninklik Frysk Genoatskip kin jo persoansgegevens ferwurkje, om’t jo lid binne en/of abonnearre binne op it Histoarysk tydskrift Fryslân en/of om’t jo dy sels fia ús webside oan ús jûn hawwe. It Keninklik Frysk Genoatskip kin de folgjende persoansgegevens ferwurkje:
– Jo foar- en efternamme
– Jo adres
– Jo tillefoannûmer
– Jo e-mailadres
– Jo bankrekkennûmer

Wêrom hat it Keninklik Frysk Genoatskip gegevens nedich

It Keninklik Frysk Genoatskip ferwurket jo persoansgegevens om tillefoanysk kontakt mei jo opnimme te kinnen as jo dêrom freegje, en/of om jo per e-mail berikke te kinnen wannear’t jo tillefoanysk net te berikken binne.

Hoelang bewarret it Keninklik Frysk Genoatskip gegevens

It Keninklik Frysk Genoatskip bewarret jo persoansgegevens net langer as strikt nedich is om de doelen te realisearjen, dêr’t jo gegevens foar sammele wurde. Jo gegevens wurde net langer as in jier bewarre wannear’t der gjin oerienkomst mei jo ta stân komt.

Diele mei oaren

It Keninklik Frysk Genoatskip jout jo persoansgegevens inkeld oan tredden at dat nedich is foar de útfiering fan in oerienkomst mei jo, of om te foldwaan om in wetlike ferplichting.

Yn kaart bringen websidebesite

Op de webside fan it Keninklik Frysk Genoatskip wurde algemiene besitegegevens byholden.

Gegevens ynsjen, oanpasse of fuorthelje

Jo hawwe it rjocht om jo persoansgegevens yn te sjen, te ferbetterjen of fuort te heljen. Jo kinne in fersyk foar ynsjen, korreksje of fuortheljen stjoere nei it sekretariaat fan it Keninklik Frysk Genoatskip en de sekretaris sil sa gau mooglik, mar binnen fjouwer wiken, op jo fersyk reagearje.

Befeiligjen

It Keninklik Frysk Genoatskip nimt de beskerming fan jo gegevens serieus en nimt passende maatregels om misbrûk, ferlies, net tastiene tagong, ûnwinsklike iepenbiermakking en net tastiene feroaring tsjin te gean. De webside fan it Keninklik Frysk Genoatskip makket gebrûk fan in betrouber SSL Sertifikaat om te garandearjen dat jo persoansgegevens net yn ferkearde hannen falle. As jo de yndruk hawwe dat jo gegevens net goed befeilige binne, of wannear’t jo mear ynformaasje wolle oer de befeiliging fan de sammele persoansgegevens, nim dan kontakt op mei it Keninklik Frysk Genoatskip fia info@friesgenootschap.nl