Treflik mar fergetten

(26ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Greef Willem Loadewyk, omkesizzer fan Willem van Oranje, waard op 23-jierrige leeftiid yn Fryslân syn saakwaarnimmer en nei de moard op Oranje steedhâlder. Dy jeugdichheid plus de gaoatyske omstannichheden – folop oarloch mei de Spanjerts, in tsierderige bestjoerskultuer, oprinnende religieuze spanningen – ferhegen it risiko op spul. Mar Willem Loadewyk wist syn drege taken op treflike wize te dwaan. Hy wie in poerbêst militêr en handich bestjoerder tusken opljeppene Fryske politike kampen.

It like hast ûnmooglik sa te manûvrearjen dat in fruchtber resultaat ta elk syn tefredenheid binnen berik kaam, mar it slagge de steedhâlder. Greef Willem Loadewyk is ien fan de grûnlizzers fan de Republyk, mar hy dielde it ôfnimmende belang fan it gewest Fryslân en rekke, oars as Maurits, yn it ferjit. Net terjochte.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine