Fereale yn gouden jierren

(24ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2018)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It Fries Museum hat hege ferwachtingen fan de útstalling Rembrandt en Saskia, liefde in de Gouden Eeuw, oan it begjin fan it Rembrandtjaar 2019, en mei in stevige Fryske ynbring. It tema is goed keazen: twa ferneamde minsken, dy’t fereale op elkoar wurde en tsien jier lokkich by elkoar binne. Se drage ek yn dizze Fryslân de fertelling oer omgongsfoarmen, de kultuer fan leafhawwe en trouwe yn de Gouden Iuw. En drama: it meie gouden jierren wêze, Saskia stjert noch foar har tritichste.

Spannend is it ferhaal fan de Vliegende Hollander: wie Skylger Barend Fokkes kaptein fan it spûkskip dat oant yn ivichheid om Kaap de Goede Hoop passearjende skipslju de stûpen op it liif jaget?

Ek in ferhaal sûnder ein is de diskusje oer topografyske nammen yn Fryslân. Wy begjinne mei in rige hjiroer mei as útgongspunt de histoaryske achtergrûn fan dy nammen. Yn de rin fan goed twa jier sille tolve saakkundigen har ljocht skine litte oer dit ûnderwerp, dat de Fryske siele faak omraak yn beweging wit te bringen.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine