Tsjoenders en duvelbanners

(19de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Tsjoenders en duvelbanners binne mystike beroppen út in fersonken ferline, mar se binne nch hieltyd ûnder ús! Se neame har allinne oars. De lichtleauwichheid fan in soad minsken, yn kombinaasje mei soms wanhoop oer lichaamlike krupsjes, is ommers fan alle tiden. Binne de tsjoenders (Yomanda, dr. Vogel) hjoed-de-dei yn minder grutte oantallen, har groep oanhingers is wol folle grutter. Oant in iuw lyn hie elk doarp, hielendal yn Fryslân, wol syn eigen wûnderdokter. Klaas Henstra jout in tal moaie foarbylden en ferklearret ek de oarsaken fan har sukses. Benammen de 'wûnderdokterjende' meniste dûmny/boeren Wartena falle op. Folkskundige Willem de Blécourt hat in soad ûndersyk nei it ferskynsel dien en skriuwt oer wat de kranten der yn de perioade 1860-1910 oer melden. Hy fertelt ek watfoar befolkingsgroepen der iepen foar stienen.
Kerst Huisman hat Laurens ten Cate lang fan tichteby meimakke en beskriuwt bysûnderheden fan syn bytiden spjalte persoanlikheid. En dan is der noch it lytse Kromwâl, foar tal fan minsken yn de 16de en 17de iuw it sintrum fan de wrâld. Hjir spylje menisten oars ek in opfallende rol, sa skriuwt Hans Koppen.

Yn Parys is technysk ûndersyk dien nei 'ús' fibula fan Winaam en Nelleke IJssennagger konkludearret hoeden dat Fryslân yn de Iere Midsiuwen diel útmakke fan in grutter wiidweidiger netwurk as we oant no tochten.
Pastoar Jan van der Wal sil letter dit jier in histoaryske reis nei Rome meitsje, yn it ramt fan de Fryske skiednis. Eindoel is de Friezentsjerke.
It sympoasium fan it Frysk Genoatskip liet fûle lûden hearre oer de takomst fan Fryslân. Benammen Geert Mak wie kritysk en rôp op ta folle mear striidberheid. It dosile karakter nekt Fryslân, as we der net omtinke.
Wol striidber, mar de eigen glêzen ynsmitend, wie de Fryske elite begjin 17de iuw. Se fochten foaral ûnder inoar en slaggen der mar net yn, it eigen gewest mei ien krêftige stim sprekke te litten. Leit hjir de kym fan de ûndergong fan Fryslân as gewest fol betsjutting? Hotso Spanninga die der syn promoasje-ûndersyk oer.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine