Seks: lêst en lust

(17de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

In opfallend, âld keunstwurk út de Koninklijke Bibliotheek siert it maaie-nûmer fan FryslânDe makker fan de gûasje yn it liber amicorum fan Juw van Harinxma út 1625 soe wol nuver opsjen as er syn wurk weromsjocht op in tydskriftomslach mei as tema-titel "Seks". No dekt dizze titel net hielendal de lading, om yn terminology te bliuwen. De measte artikelen geane mear oer de morele opfettingen: oer wat mocht en wat net. Oer wat nettsjinsteande dien waard en wat neilitten waard. Net folle ûnderwerpen hâlde de minske sa dwaande as seksualiteit, mar der frij oer prate: no nee.

Hilarysk en dochs ek tryst is it ferslach dat Doeke Sijens skreau oer de oprjochtingsperioade fan de ôfdieling Fryslân fan it COC. Heareleafde, dêr sloegen de autoriteiten bot fan achteroer. Ferbiede koest it net, oars as de ek al ferkrampte wetjouwing foarskreau, mar der neat oan dwaan, soe de apokalyps tichterby bringe, sa wie de oertsjûging. Dus waard de plysje derop útstjoerd om krekt ferslach te dwaan. Namme woe de Hermandad witte. Mar dy kamen der net. Allinne Bram van der Peijl, soan fan de húsfotograaf fan Fan Fryske Groun, joech sines bretaalwei. Der is sûnt dy tiid in soad ferbettere, mar "praat me niet van die goede oude tijd", seit Kerst Huisman, auteur fan it oersjochartikel 'De seksuele bevrijding van Friesland'. Hy jout gjin goed wurd oer foar de ferstikkende twingerij fan de jierren fyftich en makket dúdlik dat de foarnaamste frucht fan dat moralisme hypokrasy is.

Oer dy hypokrasy kin Joop Fenstra smaaklik fertelle. De Ljouwerter ûndernimmer hie begjin jierren santich de 'Lektuurtuin' yn Ljouwert. Dêr leinen tal fan "vieze boekjes", mar ek helpstikken om de foarbylden út dy boekjes yn praktyk te bringen. Fenstra ferkocht in soad ûnskuldige lektuer, dy't dan allinne as doel hienen, de opwinende tydskriften ûngemurken tusken te ferstopjen op wei nei hûs.

De stoerste foto yn Fryslân is sûnder mis dy fan Mees Toxopeus. Dizze ferneamde minskerêder is de betinker fan de selsrjochtsjende rêdingboat, wêrfan't de Insulinde (lêsten wer yn de feart nommen) de bekendste is. Toxopeus en syn rêdingboat sprekke sterk ta de ferbylding fan de Friezen. As de motoaren fan de Insulinde fersliten binne en nije leafst 50.000 gûne kostje moatte en de ein fan it rêdingwurk tichtby liket, springt de Fryske befolking yn de bres. Under oanfiering fan sjoernalist Keimpe Sikkema wurdt it jild by elkoar brocht en kin de Insulinde syn goede wurk fuortsette.

Foar kenners is EBF in logyske ôfkoarting, foar in soad oaren dochs in namme dy't bekend foarkomt, mar waans rom proai driget te wurden fan it ferjitboek: Eeltsje Boates Folkertsma. Hy wie it boechbyld fan it kristlik part fan de Fryske beweging.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine