Skrikke yn Japan

(27ste jiergong, nr. 2, maart/april 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it oant fier yn de 19de iuw ekstreem sletten Japan hienen Nederlanners by hege útsûndering in hiel lytse hannelspost: Deshima. Yn 1809 waard Jan Cock Blomhoff dêr magazynmaster, letter ‘opperhaad'. Syn frou wie Titia Bergsma, berne oan de Nijstêd yn Ljouwert. Titia har oanwêzichheid yn Japan wie in sensaasje: wie in bûtenlanner yn Japan in ‘bezienswaardigheid, in froulike bûtenlanner wie net earder sjoen. Dêrby: se kaam de shogun ûnder eagen, se hie reade hier, se rûn rjochtop. En as klap op 'e fjoerpylk: se rûn njonken har man, yn stee fan achter him! Wa wie dizze Titia, oant op de dei fan hjoed yn Japan ferneamd?
Yn dizze Fryslân it earste artikel yn in nije rige, oer de Fryske maritime skiednis. Jelle Jan Koopmans fertelt hoe't Makkumer smakskippers har ûntjoegen ta kustfarders nei de Baltyske streken.
Fan ús nij redaksjelid Henny Tuinhout-de Leeuw fuort in earste bydrage. Sy sil ûnder mear skriuwe oer objekten bûten Fryslân - benammen yn Enkhuizen - dy't in link hawwe mei de Fryske skiednis.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine