Popmuzyk yn Fryslân

(18de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Ofrûne Peaske fierde popfestival Aaipop yn Nijlân it 25-jierrich jubileum. It fanâlds wat steatlike Tresoar wijde der in lytse tentoanstelling oan, dêr't dúdlik mei waard dat popmuzyk yn Fryslân tsjintwurdich serieus nommen wurde moat. Bysûnder oan Aaipop is ek dat dit suksesferhaal stuollet op inkeld Frysktalige popmuzyk; dat stiet sels yn de kontrakten. De Fryske popmuzyk is skatplichtich oan folkmuzyk, wêrby't Nanne Kalma neamd wurde moat. Yn de jierren tachtich kamen bands as Reboelje, Weekend at Waikiki en Kobus gaat naar Appelscha. Se hearden by de saneamde Friese Bries, dy't sels yn Hilversum triomfen fierde. Wim T. Schippers wie in fan en draaide har muzyk op Hilversum 3, sa't de popstjoerder doe noch hiet.

Fan de jierren njoggentich ôf wienen der hieltyd mear popfestivals mei Fryske artysten en ek talintejachten lykas Liet en Liet Internasjonaal. Grutte suksessen belibben De Kast (In nije dei) en Twarres (Wêr bist do?). De aginda's fan Nynke Laverman en Piter Wilkens sitte grôtfol.
Dizze Fryslân bringt leafst seis artikelen oer dit suksesferhaal tsjin de tried yn. Tsjin de tried yn omdat faak tocht wurdt dat de wrâld lytser wurdt en it lytse Fryslân dêryn ûnder giet. It tsjinoerstelde blykt wier: benammen de jeugd rint manmachtich út foar Fryske muzyk fan eigen grûn.
Jacob Haagsma, erkend publisist op dit mêd (benammen Leeuwarder Courant), sketst de ûntwikkelingen sûnt de jierren santich, beskriuwt it ferskynsel Liet (Jobbegeaster Janna Eijer wûn ferline jier), bringt eare oan de grûnlizzers en oan Aaipop en makket it byld folslein troch te fertellen wat der ûnderwilens oan ynstituten op dit mêd boud is: de Popacademie foaral. In ynterview mei Syb van der Ploeg fan Marijke de Boer makket it popplaatsje folslein.

Maaie is de moane fan oantinkens oan de oarloch. Meike Jongejan prate mei Joadske ûnderdûkers en har helpers. It is net altyd in fleurich ferhaal: de belangeleaze help is noch altyd oandwaanlik, mar in soad minsken seagen de oare kant út, krekt as wie it probleem dêrmei ferdwûn.
In prachtige skets fan Fryske Beweger Sjoerd Sipma troch Doeke Sijens: Sipma is ûnderwilens wat fuortsakke yn it ferjitboek, mar syn libbensferhaal bliuwt boeien. It flechthaventsje fan Laaksum fiert syn iuwfeest; it ferhaal fan in bysûnder plak yn Fryslân, dat elk wol ken fan in rûnrit lâns de súdkust fan Fryslân. Of oars wol fan it like simpele as yndrukwekkende skilderijke fan Willem van Althuis. En dan it wûnderlike ferhaal fan de ierappel. Fryslân soe betiid west ha mei de yntroduksje derfan, mar de knol waard lang as iten foar earme minsken sjoen. Dat de ierappel útgroeie soe ta it belangrykste iten, hâlde yn de iere 18de iuw net ien foar mooglik. Eelke Lok ferseach him earst op it begryp nostalgy.
In simmersk 'Verdwenen beroep', al is it net echt ferdwûn, mar Sake Visser, de iiskoman fan De Lemmer, is dat wol. Syn byfertsjinste wie nedich om de húshâlding troch de simmer te helpen.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine