Us Museum

(19de jiergong, nr. 4, july/augustus 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Sa kalm as it Fries Museum skynber desennialang troch de tiid kaam, sa ûnrêstich is it sûnt 2000. It ynstitút oan de Ljouwerter Turfmerk liek wat ynsliept, mar krige ûnder lieding fan Wim van Krimpen in flinke skop ûnder it gat. De lêste jierren is it museum spylbal fan hieltyd heftiger diskusjes. Oer it, neffens guon giftige, erfskip fan Abe Bonnema, oer it kolleksjebehear, it tentoanstellingebelied, de direkteurskar, de rol fan de provinsje. No't it lang om let safier is dat it nije gebou op it Wilhelminaplein, fol yn de skynwerpers fan Fryslân syn meast publike romte, iepene wurdt en de grutskens tanimt, is der ûnrêst oer de ûntslaggen dy't it funksjonearjen fan in moderne kultuertimpel lykje te bedriigjen.

Foar de Friezen is it dreech te folgjen: hast alle wiken stiet der wol in plan yn de krante om tsientallen miljoenen provinsjejild flink yn it rûn te struien, mar moatte de kultuerdragers by útstek, Omrop Fryslân en it Fries Museum, hurd snije yn de begrutting. It belang fan in struktureel sterker fundamint fan de kultuersektor is blykber net elke bestjoerder dúdlik. En dat yn in tiid dêr't sels yn Den Haag it fuortbestean fan de provinsje Fryslân yn twifel lutsen wurdt. Op it Fries Museum is faaks in soad oan te merken, mar it is wol ús museum. Us yn de sin fan Frysk, ús yn de sin fan de hoeder en etaleur fan de skitterjende kolleksjes fan it Keninklik Frysk Genoatskip. Us Fries Museum is it mear as wurdich om foar te striden.

Yn dizze Fryslân in tal artikelen dy't it museum fan ferskillende kanten sjen litte: in besiteferslach fan Reinder Brolsma fan goed in iuw lyn, in moai foarbyld út de Topografische Atlas, plus in fergetten ferhaal oer in oait deistich mjitynstrumint. Fierder yn Fryslân de skiednis fan de hûn foar de karre, earder in gewoan ferskynsel, no radikaal ferbean. Ek in spannend, mear yntrigearjend ferhaal oer in moard yn Tsjummearum. Theodor Siebs wie in Dútske gelearde mei bysûndere oandacht foar de Fryske taal. Hy makke lûdsopnamen. Wa wie dizze man en hoe die er syn wurk? 'Sumar' stiet al desennia bekend om it stjonkfabryk, de NTF. Yn dizze edysje de skiednis fan de earste jierren fan dizze kadaverferwurker.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine