Nei it Easten!

(26ste jiergong, nr.4, july/augustus 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It ûnder de foet rinnen fan westlik Ruslân yn 1941 like foar de Dútsers alle kâns te bieden de dream fan Lebensraum ynfolling te jaan. Dêr koene se goed Germaanske ‘broedervolken’ by brûke. Folle mear as yn oare besette lannen sloech dit idee yn Nederlân oan: mear as fiiftûzen aventoersikers, wêrûnder in soad Friezen, lutsen fan ein 1941 ôf nei it easten, oanmoedige troch ûnder oare boerefoaroanman Geert Ruiter fan De Knipe. Boeresoan Jan Pieter Haisma wie in eksponint yn dizze groep: in talintfolle gelokssiker. De útstjoeringen rûnen op desyllúzjes út. Geraldien von Frijtag Drabbe Künzel skreau der in boek oer en foar Fryslân in artikel.

Ek mei talinten bejeftige, mar in noch wûnderliker type wie Assien Bohmers. Ek hy spile yn op kânsen dy’t de nazi’s him beaen, yn syn gefal de archeology. Hy toande him fanatyk as Fries, mar kaam der net wei, prate de taal net, en kultivearre der foaral syn eigen dreamwrâld mei.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine