Maria Louise-jier

(21ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep. Har iennige soan waard yn 1747 ûnder de namme Willem IV erfstedhâlder yn alle gewesten fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen.

Oant syn mearderjierrichheid yn 1731 wie Maria Louise gûvernante (faak ynkorrekt regentes neamd) yn Fryslân foar har soan. Willem stoar yn 1751 en doe't ek syn widdo Anna van Hannover stoar, yn 1759, naam Maria Louise opnij de honneurs waar yn Fryslân, no foar har bernsbern, de lettere stedhâlder Willem V.
Temidden fan alle eveneminten yn it 250ste stjerjier fan Maria Louise past ek in special fan Fryslân.De artikels binne ta stân kommen yn gearwurking mei de Fryske Akademy, dy't op 10 april in wittenskiplik sympoasium oer Marijke Meu organisearre. Marijke Bruggeman giet yn op de aard fan de kontakten dy't Maria Louise fia korrespondinten ûnderhâlde mei regearingssintrum Den Haag. Hanno Brand beskriuwt de organisaasje fan de stedhâlderlike hofhâlding op it Princessehof. In moai aspekt fan it libben dêr oan de hân fan in tekening fan Cornlis Pronk komt fan Marlies Stoter. Piet Bakker sketst it skilderijebesit fan de prinsesse en Jeanine Otten beljochtet de kulinêre kultuer fan it 18de-iuwske hoflibben. Dat har Hessenske en Kasselske achtergrûnen hiel belangryk wienen foar Maria Louise, blykt út de bydrage fan Geart de Vries oer de Dútske hofker Knoop dy't se de túnoanlis fan har Fryske bûtens tafertroude en út it artikel fan Yme Kuiper oer de ynspiraasjeboarne dy't lângraaf Carl van Hessen-Kassel yn in soad opsichten foar har wie.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine