Lutske, de widdo fan Dekema

(27ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Samar krige Yme Kuiper wat te hearren oer in hiel bysûnder skilderij fan Lucia van Unia, yn partikulier besit. Yn Fryslân leit er út wat it skilderij ús fertelt oer de Fryske aadlike wrâld healwei de 17de iuw. Oer opnij trouwe, oer opdrachtskilderje by in rite de passage sa't de jonge widdo Lucia trochmakke en foaral: hoe seach Dekema State der yn 1661 út? Bygebouwen op boerehiemen komme der yn de soarch foar monuminten bekaaid ôf. Ek al is de pleats in erkend monumint, foar de losse bousels derom hinne is faak minder omtinken. It stiet yn it paad, de funksje is ferfallen, opknappe is djoer. De Boederijenstichting brocht yn kaart watfoar bysûndere bygebouwen Fryslân noch hat. Bonne Sjoukes Hylkema is in fergetten Frysk striderlykas ek de Fryske kriten hast dêr’t er sa fûl foar stried. De lêste ôflevering fan de rige 'Fryske nammen' giet oer de Súdwesthoeke, oer wetterwegen, fean en turf, sâltwinning, oer stridende famyljes, de dammen fan de Galama’s.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op onze facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine