Liken as hûnefretten

(21ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Der giet net in dei foarby of der stiet wol in archeologyske fynst yn de krante. Wat dêrby opfalt, is dat se almar spektakulêrder lykje te wurden: gefolch fan de ek yn dy kant fan wittenskip trochgeande publikaasje-'rat race'?
Tanimmende argewaasje or dryste konklúzjes op grûn fan meager bewiis yn de Fryske archeology bringt Kerst Huisman derta in pear opfallende foarbylden kritysk tsjin it ljocht te hâlden.

Sa rêst de kreet 'Friezen voerden doden aan honden' op in pear fynsten. Der is ommers noait in folsleine terp wittenskiplik ûndersocht, ek al omdat fierwei it measte ferlern gien is. Bekend is dat fierwei it measte ierdewurk ienfâldich en ûnfersierd wie, mar dat is as net nijsgjirrich fuortsmiten, wêrnei't it bytsje wol fersierde ûnder in fergrutglês kaam.
Fierderop in Frysk relikt dêr't ek al net folle fan bewarre bleau: poarten, yn dit gefal by Sjuxma. Fierder it lêste diel oer de famylje Canter Visscher yn Yndia, in foarpublikaasje fan it histoarysk ûndersyk nei de oarsprong fan it Fryske hynder en in bysûndere stúdzje nei de saaklike bannen fan in Harnzer famylje mei in Surinaamske sûkerplantaazje, mei slaven.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine