Let besef

(26ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Fryslân stie fan it begjin fan de 20ste iuw oant yn de jierren sechtich fol mei suvelfabriken. Se produsearren net allinne tsiis en bûter, mar ek in soad ôffalwetter. Dat gie streekrjocht de sleat derneist yn, mei as gefolch stank en fiskstjerte, benammen simmerdeis. Mar de doarpslju seagen dat selden as probleem. It fabryk wie ommers ek meastentiids de grutte wurkjouwer yn it doarp. Provinsje en wetterskip besochten al yn de jierren fyftich maatregels op te lizzen, mar in soad holp dat net. Konsintraasje fan loazingen, it ferreinen derfan, waai oan keallen fuorje: it skeat net op. Echt seadden oan de dyk waarden pas set, doe’t de fabriken massaal sleatten en de oerbliuwende fabriken op it rioel waarden oansletten. Ronald Plantinga en Roelof Veeningen sochten dy ûntwikkeling út.

Syn grêf yn Loaiïngea lit yn neat tinke dat de betochte, Sipke Huismans, in fûle strider foar it Frysk wie. Doeke Sijens fertelt.

Bysûnder binne twa artikels fan striders fan in oare, elkoar tsjinoerstelde saak, ein 18de iuw: de patriot Ale Bakker en de Oranjeklant Abel Reitses.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine