Koel mar romantysk

(21ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hendrik Straat: om de safolle jier stiet er wer eefkes yn de belangstelling en dat feroaret net om't hy de sjirurch wie dy't yn 1954 de Siameeske twilling Tjitske en Folkje út Mûnein suksesfol skiede. De operaasjekeamer wie fol mei filmmakkers en hyt fanwege har lampen. Dat wie noch it dreechste fan de yngreep, sa fertelde de dokter de manmachtich opkommen parse. Straat bleau der kalm ûnder. Hy hâlde ôfstân en bleau deftich en formalistysk, faaks in ynstrumint om ôfstân te hâlden ta syn pasjinten.

Hiel oars wie syn keunstsinnige kant, dy't yn dizze Fryslân beljochte wurdt. Hjir toande de soan fan in banketbakker út Grinslân, dy't noch in skoft húsdokter yn Ternaard wie foardat er nei it Ljouwerter Diakonessehûs gie, him in pasjonearre keunstsamler, dy't syn deftige hûs oan de Spanjaardsleane foltreau mei moderne keunst. Ut leafde foar it kreative, mar ek om de keunstners te stypjen.
De Grinzer konservator Egge Knol fertelt oer it saneamde Fryske terpehynder dat in nij ûnderkommen fûn yn it Lânboumuseum yn Earnewâld. Ruud Spruit beëiniget syn searje oer skatten fan stinzen mei it Martenahûs, ynhâldlik fansels net fier fan Marjan Brouwer har ferhaal yn dit nûmer oer de portretten fan adellike bern. En: altyd al witte wollen wat in ‘zwaardschedepuntbeschermer’ is? Nelleke IJssennagger leit it út, se moast derfoar nei Ingelân. Philippus Breuker jout mei syn boek Opkomst en bloei van het Friese nationalisme de diskusje oer de oarsprong en djipgong fan Frysk kultuernasjonalisme in nije slinger, Symen Schoustra besprekt syn stúdzje.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine