Joost Halbertsma, erflitter

(24ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2018)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hieltyd minder Friezen krije it Frysk-eigene mei de brijleppel fan de Rimen en Teltsjes bybrocht. Sûnt in pear desennia is de sokkel ûnder dy monumintale ferhalen en fersen fan de Grouster bruorren Halbertsma weilutsen. En dochs belibje we in feestlik Halbertsma-jier, mei yn dizze Fryslân as tema Joast Halbertsma.

Oant fier nei de oarloch stie in Fryske skriuwer steefêst ek model foar de Fryske Beweging, in hieltyd ûngemaklikere erfenis fan it wurk fan de Halbertsma’s. Helder leit Doeke Sijens yn dizze Halbertsma-special út hoe’t de Grousters har skriuwende neiteam belêste mei in literêr ramt. En hoe’t Joast aparte trekjes hie: dizze grutte pleiter foar de Fryske taal briefke yn it Frânsk mei it Frysk Genoatskip.

Yme Kuiper beskriuwt Joast syn ideaalbeeld fan de autentike Fryske kultuer, belicheme troch de Fryske adel. Like romantysk as ûnwerklik. En Alpita de Jong beljochtet Joast syn hâlding foar froulju oer: hy hâldt fan flinke, selsbewuste froulju, dy’t er as typysk Frysk beskôget – en betreuret it ramt fan boargerlike noarmen wêrtroch’t se har selden ûntwikkelje kinne.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine