Hoop op ferlossing?

(25ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2019)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it lêste fearnsjier fan de 19de iuw libben tsientûzenen Nederlaners yn útsichtleaze earmoede. Gjin wurk, gjin jild, gjin iten. Minne húsfêsting, oan bernemûlen faak gjin gebrek. Tryste útsichteazens is it lot fan de leechste klassen. En dan ferskynt dêr Ferdinand Domela Nieuwenhuis, mei in heilsboadskip. Hy wit hoe’t er minsken yn har siel reitsje moat. Hy rekket almar mear yn de besnijing fan it lot fan de kânsleazen en fan it sosjalisme om dêroan te ûntkommen.

Foaral yn Fryslân wurdt ‘Domela’ oanbean; hy ferkeapet gjin healbakken praatsjes. Mei grutte iver striidt er tsjin ‘kroech, kening, kapitaal, kazerne en tsjerke’ en ferset in soad wurk as redakteur. Mar yn syn taspraken is er wier yn syn elemint en de minsken adorearje him.
Desennia nei syn dea is syn wurk fergetten rekke. Hoewol? It is ferrassend hoefolle oandacht dizze moanne syn hûndertste stjerdei lûkt, krekt yn Fryslân.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine