Heabroei

(22ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Boeren ûngetiidzje net mear en dêrmei liket it begryp heabroei thús te hearren yn de skiednis. Fansels bestiet it ferskynsel noch hieltyd, mar lang net mear sa algemien as yn de jierren fyftich-sechtich. De ellinde dy’t it mei him meibrocht, is navenant ôfnommen. Heabroei liedt al gau ta kwaliteitsferlies fan it rûchfoer, mar in grutter risiko wie dat de heabulte yn ’e brân fleach, en dêrmei de pleats, en net seldsum ek it wenhûs, yn syn ferdjer meisleepte.

De brânfersekerers en de boeren sels hâlden dêrom de temperatuer fan it hea skerp yn de gaten, hielendal yn de wiken nei’t it hea nei binnen brocht wie. Ekstra wach wienen se wannear’t dat eins te wiet bard wie. De hearoeder temperatuerre it hea en as it te hyt waard, moast der dold wurde: de kearn fan sa’n twa-trije meter yn it fjouwerkant fuortspitte en nei bûten bringe. In seldsum switterich putsje. In oersjoch fan hast fergetten boerepanyk.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine