It wetter komt!

(17de jiergong, nr. 2, maart/april 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De maartedysje fan Fryslân giet oer wetteroerlêst. Dat is in "ivich" aktueel tema yn Fryslân. Gean mar nei: it langste stik bûtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofslútdyk (eins 'Ofslútdaam') sâlt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in ûnhandich reliëf. Der is wat ôfbodde om it wettermeunster te betwingen. En noch altyd hâldt it tema 'It wetter komt' dy Friezen dwaande.

Yn in knap koart betooch leit Siem van der Woude út hoe't de ôffier fan it swiete wetter yn Fryslân regele is. Troch de natuer en troch de minske. It is net sa dat de provinsje moai ôfrint fan heech by Appelskea oant leech by Harns, sadat it oerstallige himelwetter fansels ôffloeit. We ha ommers de Lege Midden. Miskien tinke tal wettersporters dy't dat prachtige gebiet trochkruse wol dat 'Lege' 'leech' yn de sin fan 'útstoarn' betsjut. Dat is net sa: it is 'leech' yn it Frysk, leech dus. It wetter rint dêr út himsels hinne en net sa maklik wer fuort.
In flink part fan Fryslân bestiet út feangrûn. Dêr waard earder sa rigoereus turf wûn, dat de minske syn eigen wetteroerlêst kreëarre. Yn Fryslân in Opsterlânsk foarbyld fan noch net iens sa hiel lang lyn.

Fryslân syn ikoan fan de striid tsjin it wetter is fansels sûnder mear 'ús' Woudagemaal. Jelle Hagen fertelt no ris it ferhaal oer de man achter dizze machtige stoomkatedraal. Wouda blykt wol wat mear presteard te hawwen.
Bysûnder boeiend is de beskriuwing fan de wettersneedramp fan 1825. Frits David Zeiler is hiel goed yn dizze skiednis ynfierd en sketst in byld fan oan de iene kant ferwoasting, oan de oare kant hiele flugge aksje om de need oan te pakken.

Fan de hân fan kenner by útstek Meindert Schroor is it artikel dat foar in soad lêzers folslein nij wêze sil. It giet oer de bou fan fersterkingen troch de Saksyske en Habsburchske hearen fan Fryslân, yn it bysûnder de saneamde blokhuzen fan Starum en Harns. Dizze oanlis blykt ferantwurdlik foar de bysûndere kustline by beide stêden.

Rydst der sûnder nei te tinken oan foarby: op it each leaze plukjes beammen yn it lân. Se binne op tal fan plakken te finen. Hans Koppen ferklearret de tryste skiednis derachter. Dan sjochst der dochs oars nei: de boskjes krije in ferhaal en betsjutting. En noch in wat wintersk ûnderwerp giet oer lytse keunstfoarwerpen dy't earder as oantinken kocht waarden by in grutte reedrydprestaasje. Hinne en wer oer de Sudersee; dat wie dochs wol in moai mosterpotsje wurdich.

En der is in nije kollumnist, net de minste: Eelke Lok. Hy smyt de stelling op tafel dat 'wij Friezen' eins, eh..; no, lês dat sels mar. Yn de nije Fryslân.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine