Hanteken yn lead

(27ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Foar't de Yndustriële Revolúsje ambachtlik fakwurk troch massaproduksje ferdreau, lieten ambachtslju graach har merkteken achter op har wurk. Trotsearleadsjes, bedoeld as beskerming fan dakspikers tsjin it ynwetterjen, binne dêrfan in foarbyld. Soms sit dêrachter in bysûnder ferhaal. Dat is it gefal mei in leadsje dêr't ‘H.G. Born’ op stiet, in Ljouwerter leadjitter, dy't nettsjinsteande in minne start fan syn libben saaklik furoare makke.
Lucas Roodbaard wie de ûntwerper fan tunen en parken yn it noarden yn de 19de iuw. Lang om let is der in monografy fan him, skreaun troch Rita Radetzky, dy't in pear moaie foarbylden fan syn wurk foar it fuotljocht hellet.
Erfgoed is in begryp dat no in soad brûkt wurdt, en dêr’t meastentiids monuminten mei bedoeld wurde, soms ‘ymmaterieel’ erfgoed. Mar der is ek libben erfgoed. Johannes Spyksma fertelt entûsjast oer diererassen, lândbougewaaksen en fruitrassen dy't typysk Frysk binne, mei útstjerren bedrige en dy’t dêrom beskerming, op syn minst sekuere beskriuwing, fertsjinje.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers