Gysbert forever?

(22ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

In wol wat socht foarfal wie yn 2016 oanlieding foar in nije Gysbert Japiks-betinking, reden foar Doeke Sijens om him ôf te freegjen wêr’t dochs dy oanhâldende oanbidding fan in net iens sa geweldige skriuwer op rêst.

It meunsterprojekt fan in nij ensyklopedy fan Fryslân wekt likegoed bewûndering as fernuvering: wa produsearret yn dit digitale tiidrek in printwurk fan tûzenen siden? Atte Jongstra, leafhawwer fan it sjenre, lit syn ljocht deroer skine.
Fan hiel oare oarder is de seleksje fan Amsterdamse Schoolgebouwen yn ús provinsje. Dizze ekspresjonistyske boukeunst bestiet ûnder de haadstedske namme in iuw en brocht útsein wenningen en pleatsen benammen in soad publike bou ta stân lykas tsjerken en skoallen.
PEB-húskes ken elkenien; se lykje yn achteleasheid ferskûle yn stêden en doarpen en steane as fanselssprekkend yn it lânskip. Mar sa gewoan as se binne, sa lestich is har bouskiednis te achterheljen.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine