Grinsgefallen

(17de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De yndieling fan Fryslân yn gemeenten fan de Frânske Tiid ôf is in út en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn súdwest-Fryslân gearfoege ta in grutte ienheid ûnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim ûnder syn buorlju is oansteande.
De Frânske besetter makke oan de argayske yndieling in ferstannich ein en kreëarre 82 mairiën en alve stêden. Dat wie twa iuwen lyn. Mar de Frânsen wienen noch net fuort, of de tastân fan foar 1795 kaam werom: alve stêden en tritich gritenijen. Dêrmei wie de bestjoerlike slachkrêft werom nei wat "op zijn elf-en-dertigs" hite soe. De bydrage fan Theo Kuipers jout hjirfan in helder oersjoch. Dat in weryndielingsproses him dreech fan boppe-ôf opkringe lit, makket Piet Hemminga wol dúdlik yn syn 'Snoer zonder einde'. Tiden ha tiden, hyt it: de tiid moat ryp wêze foar oanpassingen, oars wurdt it neat. By de weryndielingen fan 1984 kaam it hjir en dêr hast ta gewelddiedich protest.
Dat omstannichheden bot feroarje en 'grinsgefallen' ynienen hiel oare belangen krije, bewiist wol it artikel De grinzen fan Smellingerlân fan Peter Terpstra. Troch de gau oprinnende priis fan turf waarden de foarhinne weardeleaze feenflaktes yn de Wâlden hieltyd mear wurdich.

In grins oan de oare kant fan de wrâld waard ûndersocht troch Johan Eilerts de Haan. Dizze soan fan in dûmny út Noardwâlde waard in belangrike ûntdekkingsreizger yn de jungle fan Suriname. Hy skreau dêr begjin 20ste iuw skiednis, mar it koste him ek syn libben. In bysûndere man wie Salomon de Koe, dy't yn 1874 de striid oangie tsjin de almacht fan de elite yn de tsjerke. Benammen de beneaming fan nije dûmnys sûnder iennige ynfloed fan de gemeenteleden wie him slim yn de wei. 'Gevangenschap der Friesche kerk' neamde dizze striidbere Wâldseiner dat. It allerlêste dêr't de opfarrenden fan de boat fan Goaiïngea nei it Starteilân oan tinke, is dat hjir oer in âld tsjerkhôf fean wurdt. Dit bysûndere ferhaal stiet yn de rubryk Verbroken Verbindingen dêr't Kerst Huisman útleit dat hjir dus ek âlde tsjerkepaden rûnen. De Snitser Mar en it Prinses Margrietkanaal ha dy rûte fuortfage. Fierder yn dizze Fryslân in bysûndere kostwinning foar Harnzer jonge froulju, in eigenaardich hûske yn Kollumerpomp, de histoarje fan rizenbrij, de kollum fan Eelke Lok, Nieuws, Kalender en nije boeken.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine