Fryslân en de Gouden Iuw

(19de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De krúsjale perioade yn ús skiednis is de ûnfoarstelbere útbarsting fan ûndernimmingssin ein 16de, earste helte 17de iuw. Yn ekonomyske, mar ek yn kulturele sin kamen de kustgewesten mei in soad ideeën en produksje, oare konkurrinten achterlittend. It bliuwt in bysûndere prestaasje, yn it foarste plak fan de gewesten Hollân en Seelân, mar flak dêrachter Fryslân.

Dy rol fan Fryslân is yn de iuwen dernei wat yn it ferjitboek rekke, oant de Amerikaanske histoarikus Jan de Vries de feiten op in rychje sette: al yn de rin fan de 16de iuw wienen yn de Fryske lânbou produksje en spesjalisaasje bot tanaam. Yn 1650 produsearre de Fryske boer twa kear safolle as syn foarfaar yn 1500 en brocht er fjouwer kear safolle nei de merk. Boppedat hie yn Fryslân in spektakulêre groei west yn ferfeaning, frachtferfier en hannel oer see. Kultuerhistoarikus Johan Huizinga pleatste Fryslân heech op de ljedder fan foaroprinnnende gewesten, neffens him benammen fanwege de oanwêzichheid fan it stedhâlderlik hôf.

Op 13 septimber iepenet de keninginne it nije Fries Museum, dat de kommende twa jier sterk focust op "ús" Gouden Iuw. Dat wie foar ús oanlieding in bysûndere special fan Fryslân gear te stallen, mear as dûbeltsjok. Gastredakteuren Yme Kuiper (RUG), Hanno Brand (Fryske Akademy) en Frank van der Velden (Fries Museum) brochten, mei ús 'eigen' redakteuren Marijke de Boer, Jeanine Otten, Meindert Seffinga en Siebrand Krul, de bêste auteurs by elkoar om allerhanne fasetten fan ús Gouden Iuw foar it fuotljocht te bringen. It Frysk Genoatskip en de Kingma Stichting meitsje dizze bysûndere útjefte (wurdt grif in nûmer om te bewarjen) mooglik.

Fryslân-Gouden Eeuw met bijdragen van: Yme Kuiper, Hans Goedkoop, Hotso Spanninga, Ruud Spruit, Joop W. Koopmans, Rudi Ekkart, Goffe Jensma, Arjen Dijkstra, Wiebe Bergsma, Mirjam de Baar, Piet Bakker, Marlies Stoter, Peter Karstkarel, Philippus Breuker, Harm Nijboer, Meindert Schroor, Femme Gaastra, Doeke Sijens, Hans Koppen, Hanno Brand en Kees Kuiken.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine