Fryske marine

26ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2020

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It typysk Nederlânske gebrek oan histoaryske kennis is mei reedlik sukses yn it ûnderwiis bestriden mei it ynfieren fan saneamde 'kanons’. Lytse ferhalen, ûnmisbere ‘finsters’ op de skiednis. Sa’n kanon is der no ek foar de Marine. De klam leit fansels op de perioade dat de Republyk syn gloarjedagen op see belibbe. Kustprovinsje wie mei in eigen admiraliteit fertsjintwurdige (Dokkum-Harns). Twa gearstallers fan de kanon skriuwe oer it Fryske oandiel.

Martsje van der Veen wie de driuwende krêft achter 'Barend-Martsje’, foar de oarloch it bekendste toanielspylpear fan Fryslân. Barend skreau de stikken, mar it wie Martsje dy't de oandacht krige. Wa wie sy eins?
Yn 1380 einige de syltocht fan de Venetiaan Nicolò Zeno ‘foarby Gibraltar’ yn in skipbrek, wêrnei’t hy en syn bemanning it faaie liif rêden op it eilân, dat Isola Frislanda hite soe. In moai, mar optocht ferhaal, dat earst yn de 19de iuw ûntmaskere waard.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Fryslan Friese marine

Lêste online nûmers