Frysk filmysk erfgoed

(21ste jiergong, nr. 2, maart/april 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De âldste films dy't yn Fryslân makke binne, datearje út de jierren tsien fan de foarige iuw. It binne losse peareltsjes en skrille kontrasten mei de stream technysk perfekte digitale bylden fan no. It bewarjen, konservearjen en ûntsluten is in moaie taak fan it Fries Film Archief. Entûsjastelingen út it Fries Film Circuit stienen yn de jierren tachtich oan de basis fan it FFA mei it beskriuwen fan wat oan films de muoite fan it bewarjen wurdich wie.

De katalogus dy't dêrmei ûntstie, hiet yn it sirkwy de ‘Dikke Anneke’, nei de oanjager fan de earste oere, Anneke van Renssen. As ‘we’ letter Kulturele Haadstêd binne (en oan de driigjende oerlisferstikking dêroer ûntsnappe), kinne we de wrâld toane dat Fryslân ek op dit mêd ta de foarrinners heart. Yn de nijste Fryslân ferskillende artikels dy't skiednis en achtergrûnen fan it Frysk filmysk erfgoed beljochtsje. Syds Wiersma, Jeanine Otten, Asing Walthaus en Nienke Jet de Vries skriuwe oer it FFA, oer Hein Faber, de film Kar út twa, Tsjêbbe Hettinga en Henk Penninga.
Fan hiel oare oarder is de rol fan Willem van Eysinga as rjochter by it Internationaal Hof van Justitie yn Den Haag yn de oarloch. Tim Goudriaan hat dêroer in Frânsktalige boarne fûn. En wat te tinken fan de hâlding fan in diel fan grifformeard Nederlân, fuort nei de befrijing fan de Dútsers, om ferdreaune Joadske bern by har famylje wei te hâlden, om se te bewarjen foar it ‘wiere leauwe’? Aly van der Mark prate mei sa'n bern.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine