In Hylper seereis

(22ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne? Hoe navigearren se lâns gefaarlike ûndjiptes en ferriederlike kusten? Wêr kaam de bemanning wei? Wa finansierre dizze ûndernimmingen? Watfoar lading hellen se op en wêr gie dy hinne? Wat wie de relaasje mei de fêste wâl?

De Súdwesthoeke fan Fryslân hie yn de 17de en 18de iuw in ryk maritym bestean, dêr't noch in soad ûndersyk nei dien wurde moat. Om de belangstelling te stimulearjen wol Museum Hindeloopen in firtuele seereis opsette en frege dêrby de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy om rie. Dat resultearre yn in sympoasium en rige artikels yn dizze FryslânDe 'Hylper seereis' is breder as de maritime skiednis fan it stedsje; it belûkt de hiele Súdwesthoeke fan Fryslân yn it boeiende ferhaal fan in skiednis dy't ferdwûn is. Reizgje mei ús mei nei dat ferline!

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine