Drank: misbrûk en bestriding

(17de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It nije nûmer fan Fryslân hat in tema dat hjoed-de-dei in soad minsken oansprekt: drank, en dan benammen misbrûk dêrfan. De artikelen binne histoarysk, net allinne omdat Fryslân in histoarysk blêd is, mar ek troch it folslein oare karakter fan it drankprobleem yn benammen de 19de iuw, ferlike mei no.

'Slaven van Koning Alcohol', sa waarden de minsken wol oantsjut dy't dreech de fles stean litte koenen. Yn de lêste desennia fan de 19de iuw en de earste fan de 20ste iuw hâlde it drankprobleem Fryslân op dreech mear yn te tinken wize dwaande, mear as wêr ek yn it lân. Kaam dat troch it boppegemiddelde gebrûk fan sterke drank (yn trochsneed mear as tsien liter de man)? Troch de earmoed dy't grutte parten fan de provinsje teheistere? Kerst Huisman skriuwt der in fraai oersjochartikel oer.
Wat it ek wie dat it drankmisbrûk oanwakkere: it lokke in hieltyd krêftiger tsjinbeweging út dy't har hichtepunt krige yn de linkse beweging. Domela Nieuwenhuis lansearre de kreet 'denkende arbeiders drinken niet, want drinkende arbeiders denken niet'. Johan Frieswijk beskriuwt dit oan de hân fan syn eigen famyljeskiednis. Ek in bydrage fan Doeke Sijens oer drank en literatuer toant hoe breed oft it probleem field waard.
Jeanine Otten beskriuwt it ferhaal fan it âlde ambacht fan jeneverstoken yn Harns. Het Geheim van Talma krige in wûnderlike draai doe't eigener Hannema healwei de 19de iuw de stokerij ôfbruts fanwege it lijen dat jenever de minsken oandie.

It fraachpetear fan dizze ôflevering is mei Doede Boon. Hy is lanlik foarsitter fan de ANDO, de 'Blauwe Knoop'. It alkoholprobleem is tsjintwurdich medysk sjoen seker sa grut as in iuw lyn, mar de finansjele ellinde derfan is troch de wolfeart sa goed as ôfwêzich. Ek oars binne der grutte ferskillen: wie de blauwe beweging begjin 20ste iuw in massale folksbeweging, no is de ANDO in sieltôgjend selskip âldere minsken.

Ek yn Fryslân in portret fan Douwe Douma fan Dokkum, lettersetter, in berop dat net mear bestiet. Ek ferdwûn is de ferbining by Keimpetille (Kingmatille), tusken Frjentsjer en Dronryp. It Van Harinxmakanaal snijt it buorskip trochmidden, al binne der plannen om der wer in pontsje farre te litten.
In bysûnder type, dat wie Roelof Boltje. Dizze pionier út Easterlittens begûn as sleatsjesbaggerer en klom op ta de man achter de strânferbettering fan Copacabana. Benammen syn útfining fan de 'buikschuiven' yn baggerskippen brocht syn bedriuw ta bloei.
De Spaanske Gryp makke yn 1918 in ein oan it libben fan ien fan de opfallendste Jong-Friezen: Meint Bottema. It wie in skok foar de beweging, dy't yn Eastermar in grêfmonumintsje foar him oprjochte.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine