Dramatyske klap op Murns

(22ste jiergong, nr. 2, maart/april 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Goed santich jier nei de Twadde Wrâldoarloch is der noch altyd belangstelling foar. Nije oarlochsmusea (der is in Holocaustmuseum yn Amsterdam yn oprjochting), in net te stopjen stream boeken en ek ûndersyk nei de fleantugen dêr't in soad fan delstoart binne: inisjativen yn oerfloed om de oantinkens libben te hâlden.

Yn Fryslân min ofte mear taastber binne de ferhalen oer ferûngelokke, meastentiids alliearde fleantugen dy't Dútske stêden bombardearren. Yn dizze Fryslân it ferhaal fan in dramatyske crash, spektakulêr op it lytse tsjerkhôf fan Murns.
Skrinend is it ferhaal fan in 19de-iuwske echtskieding. Sjoerd en Iebel haww al gau nei har houlik yn 1874 yn Stiens heechoprinnende rûzje en it komt net mear goed tusken har. Mar de wet feroardielet har ta in lange striid. Troch de rjochtsaak komt alles op strjitte en krije we ynsjoch yn juridyske twingerij.
Fierder werom yn de skiednis it earste fan trije stikken oer it geslacht Hora Siccama: wêrom koesteren dizze Grinzers har Fryske bannen? We beljochtsje trije telgen en begjinne mei Wiardus.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers