'Doodendraad' - Dútske stroomtried kostet ek Fryske libbens

(21ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Tusken april en augustus 1915 luts de Dútske besetter fan België in 350 kilometer lang triedstek, ûnder 2.000 Volt spanning, lâns de grins mei Nederlân. Dizze 'Doodendraad' sit net mear yn ús ûnthâld. 'Den draad' hat lykwols ek Fryske libbens koste; dêroer yn dizze Fryslân in ferslach fan Kees Bangma.
Gjin momint fan ferfeling yn it libben fan Rintsje Sybesma. Dizze feedokter spile in promininte rol yn de Fryske beweging. Doeke Sijens beskriuwt him as in romantikus, in yntellektueel waans Fryske passy syn politike kompas yn de oarloch yn disoarder brocht.

Adam Westerman stie begjin 17de iuw op de kânsel yn Warkum. Hy skreau (Groote) Christelycke Zee-vaertien fan de meast lêzen Fryske publikaasjes út de 17de iuw. Oer him giet it artikel fan syn fiere opfolger as dûmny, Jan Dirk Wassenaar. En Aly van der Mark oer it sneue ein fan de universiteitshortus Frjentsjer.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine