De wanhoop fan 1914-1918

(20ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn Europa is in enoarme stream betinkingen oan de Earste Wrâldoarloch op gong kommen. Yn Nederlân, en hielendal by ús yn Fryslân, is dat in stik minder. De 'Grutte Oarloch' is hjir yn it ferjitboek rekke. Slimmer noch: de measte Friezen witte inkeld de namme fan Mata Hari te neamen as it om '1914-1918' giet. Mefrou Margaretha Zelle hat yn Parys lykwols net it minste idee hân fan wat him yn har berteprovinsje ôfspile. De belangrykste Fries út dy perioade is de Ljouwerter Folkert Posthuma, yn hast de hiele oarloch minister fan Landbouw, Handel en Nijverheid.

Nederlân bleau neutraal, rekke yn panyk doe't de oarloch útbruts en seach 200.000 mobilisearren fan de iene op de oare dei fuortgean nei faak geheime kampeminten, yn bange ôfwachting, mar pakte it libben wer op doe't de Dútsers ús grinzen mijden. Nei in skoft fan hamsterjen, oarlochswinsten, en swarte merk wurdt de tastân begjin 1917 slim as Dútslân de ûnbeheinde dûkboatoarloch útropt en krapte taslacht. Folkert Posthuma is dyjinge dy't mei hurde hân besiket it bytsje iten dat der is earlik te ferdielen en hy wurdt dêrmei it symboal fan rantsoenearring, krapte oan iten en honger. Yn de strjitten sjonge de bern 'Minister Posthuma zijn vrouw is dood, ze is gestikt in het regeringsbrood'. Ek yn Fryslân moat de plysje demonstraasjes en protesten yn de kym smoare. Dat in pear hûndert kilometer fierderop dei yn, dei út 6.000 soldaten it libben litte yn in sinleaze barbarij, komt wol binnen, mar elk hat hjir sa syn eigen soargen.

Fryslân wol mei in searje artikelen dizze fergetten skiednis wer boppe wetter helje.

Ek yn dizze ôflevering: de Hearrenfeanske Hepkema's Boschjes, tusken wenwyk, klaverblêd, âlde Thialfbaan, skoallen, mar noch altyd in bysûnder boskje.

En in moaie fynst fan wittenskipper Oebele Vries oer de betide jierren fan de Fryske Steaten; útfiner/pionier Folkert van Loon en syn betsjutting foar de skipsbou; in hânpin as terpfynst en de De Wit-plattegrûn fan Snits.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine